Mei De famylje Bellier bringt Iepenloftspul Jorwert yn dit Kulturele Haadstêdjier in moderne klassiker op ‘e planken wêryn’t muzyk, humor, drama én fernijing in sintrale rol hawwe. Muzyk fan Ramses Shaffy & Liesbeth List nimt dy yn De famylje Bellier mei fan ôflevering nei ôflevering en soarget foar in Netflix-oranje-tried yn it iepenloftspul. Foar de gelegenheid binne nûmers út it repertoire fan Shaffy en List spesjaal en opnij arranzjearre. Yn De famylje Bellier spilet it koar dan ek in grutte rol: Yn elke ôflevering stiet ien fan de nûmers sintraal.
Iepenloftspul De famylje Bellier fertelt oer famylje Bellier, it doarp dêr’t sy wenje en it koar dêr’t hast elk út it doarp by sit. Opboud as Netflix-seary komst yn sân ôfleverings yn ‘e kunde mei de famylje Bellier en harren doarpsgenoaten.
Utsein âldste dochter Famke, is elkenien yn de famylje Bellier dôf. Op de pleats dêr’t sy buorkje en yn it doarp tsjinnet Famke dan ek as ferbining nei de bûtenwrâld ta. Hjirtroch is Famke in ûnmisbere skeakel yn it libben fan it gesin. Mar..., Famke dreamt derfan om út te brekken. Se dreamt derfan om fuort te gean en frij te wêzen.
As de âldste dochter by it doarpskoar giet, blykt se oer sa’n bûtengewoan moaie stim te beskikken dat de dirigint har oanriedt en doch dêr wat mei. Famke belânet yn in ûnmooglike spagaat: Kiest se foar harsels, of kiest se foar de famylje? Kiest se foar har stim, of lit se dy ferstomme?
Wy treffe inoar ûnder de parrebeam; de kaartferkeap fan De famylje Bellier is iepen: https://www.iepenloftspuljorwert.nl/kaartverkoop/
Spilers
Yn ús iepenloftspul De famylje Bellier spylje dit jier mei: Sjoerd van Beem, Leon van Esveld, Fokke Plantinga, Sjoukje Jager, Doete Stenekes, Oane Swart, Jannie van der Veen, Jan Haakma, Jorrit Laverman en Lodewijk Riedhorst.