kaarten

Grut entûsjasme by preview Swyn!

Tiisdei 14 july

Grut entûsjasme by preview Swyn!

Op woansdei 9 july krigen meiwurkers en buorlju fan it Iepenloftspul Jorwert as earsten in foarpriuwke fan de nije foarstelling Swyn!. De preview waard mei in protte entûsjasme ûntfongen.

Fan it begjin ôf oan waard der in soad lake om de humoristyske sênes en de werkenbere situaasjes. Tagelyk rekke it ferhaal it publyk ek op emosjoneel mêd. Op ferskate mominten wie it stil yn de notaristún en moasten besikers sels efkes slikke troch de oandwaanlike sênes.

De reaksjes nei ôfrin wiene tige posityf. De minsken priizgen de sterke spilers, de moaie sfear en de ôfwikseling tusken humor en emoasje. Krekt dy kombinaasje makket Swyn! ta in foarstelling dy't it publyk fan begjin oant ein wit te boeien.

Al mei al wie de slagge preview in moaie opstekker yn de oanrin nei de offisjele útfieringen. De spilers en regy kinne mei in gerêst gefoel mei fakânsje.

En ss de reaksjes fan de earste taskôgers in foarboade binne, dan kin Swyn! rekkenje op in waarm ûntfangst troch it grutte publyk.

© Copyright 2026 - Iepenloftspul Jorwert