Gurbe foar “ús tomateman"

Snein 16 septimber

Slotwurd fan de foarsitter sneontejûn: Minsken, It is net mear de gewoante dat de foarsitter de foarstelling slút. Want in moaier slot as de ein fan sa ‘n fantastyske foarstelling kinne jo net betinke. Mar hjoed is in útsûndering: want earder fan ’e jûn binne de Gouden Gurbes útrikt yn Ljouwert en dêr hat Jorwert in Gouden Gurbe wûn foar de bêste bijrol! En dat is hiel apart, want wy ha yn Jorwert hielendal gjin bijrollen. Wy hawwe allinnich mar haadrollen. Foar de spilers, de technyk, de bouploech, de parkear-ploech, de muzyk, de dûns en alle oare frijwilligers. Lykwols: de priis foar de bêste bijrol is gien nei in spiler, dy’t dit jier foar it earst meidocht, dy’t in wike lyn syn jierdei fiere moast yn de finzenis, dy’t ien fan de gongmakkers is as it giet om de sfear yn de groep, ien dy’t model stiet foar de ambysje EN de wille om der ek dit jier wer in moai stik fan te meitsjen. Ik felisitearje jimme en ús en him mei de Gouden Gurbe foar “ús tomateman”: Wybo Smids!

© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert