Publyk is nuver guod. Grillich, ferrassend, fernuverjend. As Jerry en Dave troch it húskerútsje de klup ynkomme, logysk dat der lake wurdt. As de dames hearen imitearje yn de Hearen, fansels jout dat salvo's troch de rigen. En as se dan sizze: Net trochspiele, dat dogge se noait! blike se in gefoelige snaar by froulju én manlju te reitsjen: Se krije sels applaus! As immen by de muorren oprinne wol, mar in deasmak makket, uteraard skuort elk him de bûsen út. Mar hoe sit it as trije aldereindames op in reiske, dy't der noch bêst mei troch kinne, en allinne mar opkomme, de minsken ûnder de banken krije fan it laitsjen? Wa kin dat útlizze?