De tsjerklike gemeente Westerwert hâldt alle jierren in iepenloft-tsjerketsjinst yn de tiid fan it iepenloftspul. Eltsenien is fan herte wolkom by de iepenloftpreek mei as tema "Bohemia in Galilea" op snein 11 septimber om 10.00 oere yn de Notaristún. Foargonger is Ds. Gerrit J. D. de Haan. Muzikale meiwurking komt fan Maaike Boonstra, Janna Kaspers, Johan Postma, Adrie Kaspers, Hedwig Ludema, en Wiebe Kaspers. De tagong is fergees. Nei ôfrin is der kofje.