Iepenloftspul Jorwert op 'e radio
Woansdei 25 augustus
Regisseur Tjerk Kooistra en spiler Wiebe Koldyk binne fannemoarn (woansdei 25 augustus) te gast yn it radioprogramma Omnium, fan 11.00 oant 12.00 oere op Omrop Fryslân radio. En ek op 3FM kaam it Iepenloftspul Jorwert foarby: Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma neamde It Feest yn syn ferhaal oer de nije marketing-slogan fan Fryslân: FanFryslân. Jorritsma is alfast Fan fan It Feest.