It Iepenloftspul Jorwert bringt dit jier in stik oer freonskip, in stik oer draven, in tragikomeedzje mei de klam op humor: Maraton. De premjêre is op sneon 23 augustus, de kaartferkeap set útein op 1 juny. It stik is de Jorwerter bewurking fan de film De Marathon.
Op in âlde sloop hawwe de eigener en syn fjouwer personielsleden it net echt drok. Se kaarte, sûpe bier en ouwehoere. Eigener Gerard fynt it lestich om ûnder eagen te sjen dat it minder giet mei de saak en stoppet dêrom faktueren en oanmoanningen fuort yn in doaze. Net allinne mei de saak giet it net goed, ek Gerard syn sûnens wurdt mei de dei minder.
It liket derop dat it fallissemint tekene wurde kin as der net gau in heale ton op tafel komt. Dan komt wurknimmer en Poal Janek mei in gouden idee. Oait wie hy maratondraver en fertsjinne er in bak jild oan sponsoring. Dat moatte de manlju dwaan. Gewoan de maraton útrinne en har sponsorje litte foar dy prestaasje. It finen fan sponsors is op himsels al hast ûndwaanlik en dan noch it draven… 42 kilometer en 195 meter mei harren fersûpte bealgen.