In (op)teken(jend)e reaksje

Tongersdei 2 septimber

In (op)teken(jend)e reaksje

Basearre op in telefoanpetear as reaksje op de foarstelling. Optekene troch de regisseur.

Hy hie dy jûns oanbean om de ôfwask te dwaan. En dat hie er noch noait dien. Sawol it oanbod net as de ôfwask. Goed: Ien kear moast hy it wol dwaan doe’t sy mei in blinetermûntstekking yn it sikehûs lei. Wylst hja in kijkoperaasje oan har bline term ûndergie – hy fûn dat wol logysk hearren: een kijkoperatie tegen de blindheid der darm – focht hy foar syn libben efter it oanrjocht. Dat achtoeresjoernaal soe er helje. En it hie net folle skeeld of hy hie it helle. Mar dan as ûnderwerp. 

Mar no, tsien jier letter, bea hy wer oan om de ôfwask te dwaan. Hy glimke der suver by. En as it oer de ôfwask gie, dan waard er gewoanwei inkeld koartôf, kiezzich, agressyf.  ’Oan de skjinnens fan it oanrjocht fernim je de kwaliteit fan de man,’ sei syn heit altyd, wylst pake deroerhinne gie mei: ‘Regeare is delegearje.’ In ôfwaskmasine woe er net oan. Dan stie der wat tusken jo frou en de ôfwask yn. En dêrfoar wie er te jaloersk. Mar dizze jûn bea hy it oan om te helpen. Sy wie let út tennis wei kaam, dêrnei gau itensean, tagongskaart foar Jorwert útprinten. No moast se yn in kertier ôfwaskje, har opkreazje en oanklaaie foar de jûn. Mar hy holp har en mei nocht!
Raar!

Yn harren gesinsauto rieden se nei Jorwert. Se wienen noait oan bern begûn om’t hy fan miening wie dat bern je allinne mar sear dwaan kinne, mar eins bedoelde er it omkearde. Har komplisearre blinetermûntstekking brûkten se as ekskús foar it net útkommen fan de bernewinsk. Krekt foar’t se útstapten sei er, en hy stoarre foar him út: ‘Ik ha der sin oan.’ 
Nuver! Normaal wie er altyd skeptysk en moast er it altyd earst mar even sjen.

Ûnder de foarstelling genoat er sichtber en gûlde soms sels. Dat hie se noch noait sjoen. Ûnder it applaus rôlen triennen fan fertriet en gelok parallel oer syn gesicht. Gûlend glunderje of glunderjend gûle. Se hie nei him sjoen, allinne mar nei him.
Moai!

Jûns yn de auto werom wie it stil, mûsstil. Dat hie it eins altyd west. Se wist net wannear’t hja foar it lêst praten hienen. Echt praten. Net nuttich of praktysk kommunisearre, mar konverseard. De earste wiken fan har ferkearing? Nee, dat wie wol praten mar net út oprjochtens, mear troch hormonale adrenaline kleure ynteresse. 

En no wie it wer stil. Mar de stilte hie dizze kear in betsjutting. Se fielde it. Krekt as de ôfwask dy’t er dwaan woe en de nocht dy’t er foarôf hie oan de foarstelling. Der hong wat boppe de merk. Wat goeds.

Op de bank thús frege er wat sy drinke woe en helle it sels op. Leaf! Wylst hy de wyn ynjitte begûn er: ‘Ik wol dy wat fertelle.’ En hy fertelde it. Elk detail, elk wurd, alles. Oer syn heit, syn pake, it misbrûk. Alles. En nachts let doe’t de triennen droege wienen, stapten se mei it sâlt noch yn de eagen op bêd. En de leafde fielde dy kear foar it earst as leafde.

De oare deis waard sy wekker, letter as oars want de sinne kleure it skaad fan de kast grutter as gewoan. Bûten hearde se gestommel oer de stoepe. Troch in kier fan it gerdyn seach se har man dy’t efter in stekkarre rûn mei dêrop in krekt nij kochte ôfwaskmasine. En hy glundere grutsk as in heit efter in bernewein.
© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert