kaarten

In pracht fan in premjêre

Moandei 31 augustus

In pracht fan in premjêre

Nei in hiele yntinsive perioade fan repetearjen, try-outs en foarpremières wie it ôfrûne sneon dan einlings safier: de premiêre fan Swyn! En wat foar ien!

De rein like efkes roet yn it iten te smiten, want by binnenkomst reinde it al behoarlik. De Harmonie út Weidum spile nettsjinsteande dat, de stjerren (en wetterdrippen) fan 'e himel. It publyk wie goed taret en siet, klaaid yn reinpak en oare reinbestindige klean, klear foar wat der komme soe.

En it wachtsjen waard beleanne. De rein waard gelokkich minder en de spilers soargen derfoar dat it publyk de drippen dy't noch foelen, hielendal fergeat. Al mei al wie it in prachtige premiêre, mei in protte loovjende reaksjes fan it oanwêzige publyk.

Fan ús kant ek in grut komplimint en in protte respekt foar it publyk, dat de rein trotsearre hat!

Wy binne no echt los! De kommende fjouwer wiken meie wy elke jûn knalle foar in útferkochte tribune. Wy hawwe der in ôfgryslik soad sin oan. 


© Copyright 2026 - Iepenloftspul Jorwert