Soms sit it tsjin (fjirtjin dagen lyn op tiisdei moasten wy twa kear ûnderbrekke fanwege in kâlde reinbui) en soms rint alles mei: Justerjûn wie it werklik waar as side. De foarstelling rûn as it spoar, lânboumasines wurken net of stil en allinne de trein fan healwei tsienen pleatste in amerij syn útropteken yn it lûdsdekor. Alles wurke mei, oant de orthodontist ta, dy't ekstra syn bêst die op de beugel fan Michel/Nathan. 'Asto meidochst yn Jorwert, dan moatte dyn tosken der knap útsjen. Ik bedoel mar, woansdeitejûn sit ik sels op 'e tribune.' Dêrby is de publike belangstelling sa grut, dat der in ekstra foarstelling komme moat! It ferskil mei Hot Metal is dat wy dy al jouwe, en wol op freed 22 septimber!