Emiel Adema- Rudy It ping-pongeffekt It earste wykein is alwer foarby, de kop is der ôf. Dat giet dan dochs wer flugger as tocht. Tongersdei de premiêre, freeds hiel ferstannich frij fan it wurk, kranten keapje en dan ferfolgens de resinsjes yn beide kranten net fine kinne (seker it eachlapke foar hân). Jûns de twadde foarstelling en dan sneon it ritueel 'jitris' herhelje (...ûnderwilens beide resinsjes fûn). De sneontejûn sa lang mooglik makke (neame se ek wol nachtbraken) om it gat tusken sneon en woansdei sa lyts mooglik te meitsjen. Want ja... dat is dochs wol wer even in frjemd gefoel... jûnen efter elkoar frij... en thús sitte. De katten sjogge ek al wat raar op no't harren plakje op 'e bank neist it 'froutsje' jûns ynienen wer fersein is. Gelokkich is der op moandeitejûn in útstjoering fan "Hjoed" op Omrop Fryslân wêryn foar my totaal ûnferwachts 'ús' dekor te sjen is. Ik betraapje mysels op pikefel... in gefoel fan: "Ik moat der hinne... it is sterker as mysels." Dan mar wer even nei it firtuele Jorwert op it www. Even sjen oft der ek noch "nijs is fan it front" om Kening George mar te sitearen. Ûnderwilens is it alwer tiisdei. It begjint no dochs wol wer hiel bot te knaagjen. It thúsfront fynt de rêst dy't de ôfrûne dagen wer wat yn 'e hûs weromkeard is net ûnaardich (op 'e katten nei dan...), mar ûndanks dat wol de toanielspiler yn my wer fuort... oantrede... spylje... De kommende wiken sil dit ping-pongeffekt harsels herhelje bin 'k bang. Sels tidens de foarstelling hawwe wy it ping-pongeffekt, al komt dit mear omdat âlde Bill it grutte kanon wer ôfsjitten hat. De earste kear koe ik myn laitsjen hast net ûnderdrukke, want…