Bêste minsken,
It sit derop: 19 foarstellingen yn goed fjouwer wiken. Wat in geweldige prestaasje fan alle minsken dy't belutsen binne by "Stjer yn it tsjuster"! Grutsk meie wy op ús allegear wêze. Grutsk op de meiwurkers en grutsk op it publyk dat yn waar en wyn op de tribune siet. It waar hie fansels moaier wêze mocht, mar as ik nei de foarspellingen fan de kommende oeren en dagen sjoch, dan kinne we allinnich mar konkludearje dat wy mazzel hân hawwe (nettsjinsteande in inkele dikke bui).
It sit derop, no de boel noch efkes opromje en op nei takom jier!
Harry Kaspers, foarsitter