It Iepenloftspul Jorwert makket yn 2017 in multymediaal spektakel: It Foarfal. Rûnom yn de Notaristún komme projeksjeskermen te stean. It publyk wurdt mei fideobylden meinommen yn de wrâld en yn de holle fan in jonge mei autisme.
It foarfal is de Jorwerter bewurking frij nei it boek Het wonderlijke voorval met de hond in de nacht fan Mark Haddon. It ferhaal giet oer in jonge fan 15. Hy hat it syndroom fan Asperger, in foarm fan autisme. De jonge ken alle lannen fan de wrâld mei harren haadstêden en alle prymgetallen oant 7507 út ’e holle. Mar mei grapkes wit er him gjin rie. Nea komt er allinne de strjitte út, mar as de hûn fan de buorfrou fermoarde wurdt, wol er de wrâld yn. It publyk giet mei op syn reis, op syk nei de moardner fan de hûn en mei yn alles wat er ûnderweis belibbet.
De spilersploech bestiet út spilers fan de ôfrûne jierren, oanfuld mei nij talint. De premjêre fan It wûnderlike foarfal mei de hûn is op sneon 2 septimber, de foarstelling is te sjen oant en mei sneon 30 septimber. De kaartferkeap begjint op 1 febrewaris op www.iepenloftspuljorwert.nl.