Jorwert hat in prachtich âld kafee, Het Wapen van Baarderadeel. It kafee leit oan 'e yngong fan de Notaristún, dêr't it Iepenloftspul spile wurdt. Wat is der moaier as earst te iten yn it smûke kafee, of faaks sels yn 'e jûnssinne op it terras, om dêrnei mei de tafelgenoaten in pear stappen te dwaan nei de tún foar de foarstelling? Yn 'e mande fan it kafee biede we jo dan ek in spesjaal iepenloft-trijegongenmenu oan. De kosten binne €19,50 it diner. Al even reservearje by it kafee: 058-2519223 (alle dagen fan 16.00 oere ôf te berikken).