Jeugdprojekt sneon 21 sept om 14.00 en 19-20 oere

Freed 20 septimber

Jeugdprojekt sneon 21 sept om 14.00 en 19-20 oere

Yn it ramt fan it jubileum wurket it Iepenloftspul Jorwert dit jier ek mei de jongerein fan it doarp oan harren eigen teatrale rûte troch it doarp. Under de namme 'dit binne wy' nimt de Jorwerter jongerein jo mei yn harren libbenswrâld, harren winksen, harren dreamen en harren realiteit. De rûte set útein op it parkeerterrein en rint troch it doarp. Hjoed, sneon 21 septimber, spylje de jongerein om 14.00 oere én foar de foarstelling fan jûn, fan 19.00 oere ôf. De folsleine rûte kostet jo in lyts heal oerke, dus kom op tiid! By de yngong fan it doarp krije jo in programmaboekje mei mear ynformaasje.

It grutste part fan de jongerein hie hast gjin erfaring mei teater meitsjen. Yn dit projekt wurkje se net allinnich mei op ‘e planken, mar ek efter de skermen en yn de organisaasje. Want alles ha se yn eigen hannen: it ûntwerpen, meitsjen, opfieren, regeljen. Under profesjonele begelieding fan regisseur Rozemarijn Strubbe en de minsken fan it Jorwerter produksjeteam. En wy binne grutsk op it resultaat!

It jongereinprojekt is in gearwurking mei ‘it Paradys’ fan Tryater.

Artistike lieding Rozemarijn Strubbe
Artistike begelieding Eva Wortmann
Begelieding produksje produksjeteam De Kloklieder fan Nij Daam
Begelieding dûns Willy van Assen
Begelieding it Paradys (Tryater) Anne Graswinckel en Jojanneke Braam
Mei tank oan Ekko de Bakker, Dianne Bonnema,
Sake en Yke Castelein, Grietje Deinum, Enno Feenstra,
Immie Jonkman, Patrick Kramer, Guus van de Sande, Wybo Smids
 

It jeugdprojekt is mei mooglik makke troch de finansjele stipe fan it VSB Fonds, Fonds Cultuurparticipatie, Provinsje Fryslân, Gemeente LIttenseradiel, Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân, P.W. Janssen's Friesche Stichting, Herbert Duintjer Fonds en de Boersma Adema Stichting.

© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert