Nei it sukses fan de foarstelling ‘#freonen?!’ fan ferline jier yn in dochs wol bysûnder (corona)jier, binne wy alwer drok dwaande mei alle tariedingen foar de nije foarstelling. Wy binne dan ek hartstikke entûsjast jo meidiele te kinnen dat wy yn 2022 ‘De Jacht’ op ’e planken bringe sille. De kaartferkeap start op 4 juny fan 10.00 oere ôf.
De Jacht
Útslútkultuer op it plattelân
Lex is in pear jier lyn weromkaam nei syn bertedoarp en wurket dêr as skoalmaster. Sawol yn it doarp as op skoalle is elkenien mâl mei him. Hy is nei in turbulinte tiid einlings wer hielendal lokkich.
Dat feroaret lykwols as er ûnrjochtlik beskuldige wurdt fan misbrûk. Fan it iene op it oare momint wurdt syn libben in nachtmerje. It iens sa hechte en freonlike doarp feroaret yn in net te temmen, fijannich meunsterlik bist, en it libben fan Lex yn in hel.
Dêr’t hy earst altyd te jeien gie mei syn bêste maten, wurdt der fan dat momint ôf jacht op hím makke.