Wat in prachtige ôfsluting fan it seizoen. Jorwert hat 3 Gouden Gurbes yn 'e wacht sleept en is dêrmei de grutte winner fan de Gouden Gurbes 2018. Wy binne grutsk!
Wy wolle elkenien betankje dy't oan dit sukses bydroegen hat.
Iepenloftspul Jorwert hat foar De famylje Bellier de folgjende Gouden Gurbes wûn:
- Bêste haadrol foar Doete Stenekes
- Bêste foarstelling
- Publykspriis
Dêrnjonken wiene der ek noch twa nominaasjes: bêste foarmjouwing en bêste byrol foar Jorrit Laverman.
Lês it folsleine sjueryferslach op de webside fan de Leeuwarder Courant.
Besjoch ek it fotoferslach dat Piet Douma fan de útrikking makke hat.
De Gouden Gurbes binne de Oscars foar iepenloftteater yn Fryslân.