kaarten

Kaarten Raboleden 7 en 8 septimber

Sneon 12 juny

Op dit stuit is it noch net mooglik om kaarten te bestellen foar de foarstellingen fan 7 en 8 septimber dy't reservearre binne foar de leden fan de Rabobank. Rabobank Heerenveen-Zuid-Oost stjoert uterlik 30 juny in mail mei dêryn de wolbekende koade. Ek sille hja der omtinken oan jaan op de webside fan de Rabobank. Fanôf 1 july sille wy de 2 data frijjaan om kaarten te bestellen. Der binne lykwols, krekt as foar de oare foarstellingen, wol de helte minder kaarten as oars beskikber, en op is op! 

© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert