It is op dit stuit fansels noch net allegearre sa as foar it corona-tiidrek en wy folgje de rjochtlinen fan it RIVM. Dêrom binne der dit jier yn earste ynstânsje de helte minder kaarten beskikber as foargeande jierren. It soe fansels kinne dat dit yn ‘e rin fan de tiid noch útwreide wurde kin. Mar as jo wis wêze wolle fan kaarten, advisearje wy jo om net te lang te wachtsjen mei it bestellen.