Kollum Tjerk Kooistra - spullieder In oar by deselde parrebeam Yn 2007 sil it net oars wêze as yn 2006 of 1998: by de parrebeam treffe wy inoar! No't Romke nei mear as tritich jier dermei ophâldt, feroaret der artistyk it ien en oar, mar lokkich bliuwt de rest fan de organisaasje min of mear yntakt. Ek fan de spilers dy't de lêste jierren meidienen sil it gros takom jier wer op de Jorwerter bühne te sjen wêze. Koartom: foar de rest feroaret der net al te folle. Foar mysels feroaret der des te mear: sa binne je 'anonime' spiler, sa binne je 'ferantwurdlike' regisseur. Dat ferget in behoarlike omslach yn tinken, dwaan en litten. Je kinne je net langer ferskûlje yn de massa, mar moatte hyltyd, as jo wolle of net, de skynwerper ferneare. Mar alla: dat heart by de funksje. Ik bin der wis fan dat wy mei sa'n erfaren groep in prachtich iepenloftspul foar it fuotljocht bringe kinne. Spilers en meiwurkers treffe dit jier dan wol in oar by de parrebeam, takom jier treffe de besikers inoar gewoan wer by de parrebeam! Tjerk Kooistra