Lyryk en de stikjesskriuwer- Kollum Tjerk Kooistra
Tongersdei 2 septimber
Prachtige, lyryske, superlative reaksjes nei de earste trije foarstellingen. En soms lytse krityk. Prima. Elk mei syn miening hawwe en elk in werwurd. It gasteboek op ús site is in aardich medium foar mieningen.
Tagelyk fûn ik op Twitter de opmerking ’De waarman en de resinsint sieten der freeslik neist’. Hilarysk. En it ûndersteande stikje dat ik mei de mail krige wol ik jim net ûnthâlde.
De stikjeskriuwer
Middeis yn syn auto set er gau noch even Omrop Fryslan derop. Eins tsjin syn gewoante yn. Dat Fryske folkloristysk klupke radiomakkers mei televyzjepretinsjes fûn er mar neat. Alles te gewoan, te Hilversum, te estisjearre. Mei ferhalen en nijs út de buert wei. Wa sit dêr no op te wachtsjen. Hy net yn elts gefal. Miskien dêr ek mar ris in stikje oer skriuwe.
Fia Lippe Lap, sis mar Durk en it strykt as bûter klinkt op 92.2FM Piets waarberjocht. Gewoanwei boeit him dat net, mar jûn moat er nei Jorwert en sûnt God syn koffers pakt hat, moat hy altyd in ekstra jas mei. Wat miene se wol net yn Jorwert. Piet stammeret, suchtet – miskien ek mar ris in stikje oer skriuwe – mar foarspelt dat wy it droech hâlde. ‘Moai’, tinkt er, ‘reinjas mei’.
Jûns op de tribune fernimt er dalik te folle entûsjasme om him hinne. De sfear sit er foarôf goed yn. De minsken ferwachtsje en fertrouwe yn It Feest, syn akteurs en syn makkers. Hy beslút de foarstelling allinne goed te finen as se eksakt de film folgje. Mei syn dogma’s. Goed, as teaterkenner (en dêr wol graach in stikje oer skriuwe) wit er dat in film wat oars is as teater. En dat je net yn de falkûle traapje moatte om ideeën en opfettingen letterlik oer te nimmen. Mar it komt him goed út dat even te ferjitten. Dat gruttinken moat hjir mar ris dien wêze. In film is in film, in boek in boek. Teater moat teater wêze. Lykas by ús.
Nei ôfrin freget er him ôf wêrom elkenien sa entûsjast is. Elkenien is dochs kâld, wiet en dôf fan de muzyk? Raar. En wêrom jouwe se Piet de skuld fan it waar? Yn 'e auto faget er yn de spegel de kondins fan de bril ôf. Hy sjocht himsels yn de eagen en fernimt dat Piet gelyk hie. Hy hat it droech holden. Wat no 'waarman hie net gelyk'?