Tenoar, bariton of bas? Dan sykje wy dy!
Oan ús oprop foar koarleden foar it Famylje-Bellier-projektkoar hawwe jimme manmachtich gehoar jûn. Wêr't wy no noch ferlet fan hawwe binne de stimmen yn it legere register: Manlju sjongend as tenoar, bariton of bas soene de rjemme op de fla wêze yn it Famylje-Bellier-projektkoar ûnder lieding fan the one & only Jorrit Laverman!
Repetysjes en foarstellings
De muzikale lieding is yn hannen fan Jorrit Laverman. Jorrit hat de arranzjeminten makke en begeliedt de repetysjes. De 9 ferskes dy’t it koar sjongt binne fan Ramses Shaffy mei in hjoeddeistige poptwist.
De repetysjes binne op snein 24 juny, 13.00–16.00 oere. En nei de simmer fan 16 augustus ôf ûngefear 3 repetysjes yn ‘e wike (jûns en sneons).
De foarstellings binne yn septimber. De premjêre is op 1 septimber en de lêste foarstelling op 29 septimber. It is de bedoeling datst safolle mooglik by de repetysjes en foarstellings oanwêzich bist. Mochtest in datum net kinne, dan is oerlis mooglik.
Alle koarleden krije de muzyk, do hoechst gjin blêdmuzyk lêze te kinnen.
Opjaan
Wolst graach meidwaan oan dizze spesjale foarstelling, dan kinst dy opjaan troch in mail te stjoeren nei: koar@iepenloftspuljorwert.nl. Jou by dyn opjefte troch wat dyn sangstim is (bas, tenoar, alt of sopraan).
Mear ynformaasje
Foar mear ynformaasje kinst kontakt opnimme mei: Jildou Tjoelker, tel. 06- 390 503 58.