Untspannen nei it Iepenloftspul? Dat kin! We wurkje dit jier nammentlik gear mei Arriva dy't spesjaal foar it Iepenloftspul yn in tal wykeinen bus 93 ekstra ride lit. Bus 93 rydt fan Ljouwert nei Jorwert of fan Snits nei Jorwert en stoppet ûnderweis ek yn bygelyks Skearnegoutum, Dearsum of Jellum en Weidum.
De ekstra bussen ride op freed 30 augustus, sneon 31 augustus, freed 6 septimber en sneon 7 septimber. De bus set dy dagen om 19.30 oere ôf út Snits of Ljouwert en is om 20.00 oere hinne yn Jorwert (foar it kafee). Foar de buspasagiers ha wy de plakjes op de tribune alfêst reservearre. De bus giet jûns in heal oere nei de ein fan de foarstelling wer werom nei Ljouwert of Snits.
En Arriva jout ek nochris 50% koarting op de buskaartsjes. Jo betelje no nammentlik mar € 4,- foar in retourke. De buskaarten moatte wol reservearre wurde. Dat kin fia bus@iepenloftspuljorwert.nl.