Prachtich waar op de Jorwertjûn Noch fjouwer dagen en dan is it premiêre. Dy komt moai op 'e tiid as earste fan in hiele searje foarstellings, oan 22 septimber ta. Mar gjinien fan dy kommende fjouwer wiken sil sa bannich wêze as de ôfrûne. Nei 't it waar hieltyd wer yngriep yn it repetysjeproses ha wy de lêste dagen yn elts gefal mei noflik waar wurkje kinnen. Keihurd wurkje, ûnder lieding fan regisseur Tjerk Kooistra! Prachtich te sjen hoe gedreven de ploech is om alles optimaal út komme te litten. Wol in loopke net rjocht? Dan mar wer oer. En nochris, krekt wer eefkes oars, oant it goed oanfielt en fertroud wurdt. Wat dat oanbelanget fertsjinnet dizze ploech, fan lytse Lizzy Gumbell oant âlde Billy Morris ta, grut respekt! En ek hoe't se nei in ekstra lange tongersdei- en freedtejûn en in hiele sneon oerdei der dan sa'n stevige foarstelling út draaie foar de Jorwerters. Fansels, it is in try-out, der binne ferbetterpunten, mar dêr kin dan ek oan wurke wurde oan de premiêre ta. Elkenien gong wurch mar tefreden it feest yn.