De ynwenners fan Jorwert hienen freedtejûn de gelegenheid om te sjen wat der yn 'e ofrûne moannen yn harren doarp ûntstien is. It wie der in perfekte jûn foar: stil en droech. Mar stil en droech bleau it net op 'e tribune. Neffens tradysje waarden op dizze jûn ek notaris Van der Hem en syn frou betanke foar harren gastfrijheid.