Spilers socht

Freed 30 juny

Spilers socht

Foar #Maten, it Iepenloftspul Jorwert fan 2023, sykje wy noch in pear spilers om ús tiim nei de simmer te fersterkjen.

De rol
Yn it stik komme ús haadrolspilers yn oanrekken mei de Albaneze ûnderwrâld. Op it each lykje dat deagewoane minsken, mar yn it echt binne se libbensgefaarlik.
Wy sykje noch in pear lju foar de rol fan dy maffiosi.

Dyn rol

  • Do spilest ien fan de fiif à seis maffiosi.
  • Do sitst yn in tiim fan maffiosi ûnder lieding fan A.J. Bouma (Rigovar D.) en Mayte Veenstra (Dadzjàna).
  • Komst troch it hiele stik hinne geregeld op, faak mei bombaarje en toeters en bellen.
  • Do bist dêrmei ien fan de 15 spilers fan it Iepenloftspul Jorwert 2023.

Fierder

  • Do bist fan 10 augustus ôf dy hiele moanne beskikber op jûntiden en sneonen oerdei. (Woansdeis en sneins frij.)
  • Do bist yn de moanne septimber beskikber foar de útfieringen.

Liket it dy wat om dizze simmer it Iepenloftspul fan wol hiel tichtby mei te meitsjen, mail dan graach foar 5 july nei info@iepenloftspuljorwert.nl. Hjir kinst ek terjochte foar fragen.

Wy hearre graach fan dy.

© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert