Spitigernôch hawwe wy krekt it beslút nimme moatten om de premjêre fan 31 augustus ôf te lassen. Wy hawwe altyd de yntinsje om te spyljen, ek mei in bytsje rein. Lykwols mei de kâns op tonger kinne wy gjin risiko nimme. De premjêre wurdt ferskood nei de reservejûn: snein 1 septimber om 20.30 oere. Kinne jo perfoarst net, besykje dan jo kaart te ruiljen op ús webside iepenloftspuljorwert.nl/kaarten-ruilje