Twa sneinen yn maart wie it spannend op de boppeseal fan kafee Het Wapen van Baarderadeel. Dêr waarden de audysjes foar inkele rollen yn De Kloklieder fan Nij Daam holden. Santjin spilers hawwe sjen litten wat se koenen en de 'fakatueres' binne ynfold. Yke Koopmans út Weidum spilet de rol fan it jonge famke, Foppe Sinnema út Dronrijp de rol fan de jonge jonge en Betteke Eerligh út Deinum de rol fan de âldere frou.