kaarten

SWYN! slút ôf mei mear as 10.000 besikers

Tiisdei 29 septimber

SWYN! slút ôf mei mear as 10.000 besikers

It doek is fallen. De lêste foarstelling fan SWYN! – De begraffenis fan in poerbêste fint sit derop. Wat hawwe wy mei-inoar in prachtige perioade belibbe!

Mei grutskens sjogge wy werom op in bysûndere en tige suksesfolle produksje. Yn totaal mochten wy mear as 10.000 besikers yn de Notaristún yn Jorwert ferwolkomje. Tsientûzen kear in glimke, in laits, in trien en in momint fan herkenning. De reaksjes fan it publyk wiene hertferwaarmjend en lieten sjen dat it ferhaal fan Swyn in soad losmakke hat.
Mar sa’n produksje komt der net samar. SWYN! is makke troch in enoarme groep frijwilligers, dy’t har wiken en moannenlang mei hert en siel ynset hawwe. Fan spilers oant bouploech, fan kostúms oant grime, fan kaartferkeap oant parkearjen en fan technyk oant catering – elkenien hat syn of har stientsje bydroegen.

Oan al ús frijwilligers: tige tank! 

En fansels: tank oan al ús besikers! Tank dat jim nei Jorwert kamen, foar jim entûsjasme, jim laitsjen, jim stilte op de goede mominten en foar alle prachtige reaksjes nei ôfrin. Jim makken it ferhaal kompleet.

No wurdt de kiste tichtdien… mar de oantinkens oan SWYN! nimme wy mei.

© Copyright 2026 - Iepenloftspul Jorwert