Faaks wienen jim okkerdeis by ien fan ús foarstellingen. Wy hoopje dat jim jim krekt as ús meislepe litten hawwe troch it ferhaal, de emoasje, de aksje, de reaksje, it fertriet, de frustraasje en úteinlik de leafde.
We ha (fansels) lang praten om te komme ta it beslút om de film Festen yn Jorwert op it toaniel te bringen. It wie spannend, dat fûnen wy, mar dat fûn ek de wrâld bûten ús Iepenloftspul. Mar wy hiene der betrouwen yn. Mei dizze regisseur en mei dizze akteurs moast it kinne, moast it slagje! En dat is it, ek mei tank oan alle oare meiwurkers én mei tank oan jim.
It Feest is in stik om oer nei te tinken, it is in stik dat in soad frege fan it publyk en de spilers, yn de útfieringen mar ek yn de repetysjeperioade. Mar wat spilen we it graach.
Graach oant sjen ûnder de parrebeam!
Bestjoer en meiwurkers fan it Iepenloftspul Jorwert