Tankewol - Kollum Tjerk Kooistra
Freed 17 septimber
It is ien fan de earste dingen dy't my bybrocht is yn omgongsfoarmen: betankje. As de winkelman my in as banaan ferklaaid skomke joech, frege heit of mem wat je op sa'n momint sizze. Goed kondisjonearre antwurde ik dan: tankewol. En ik miende it. Ik hie eins wol in talint yn tankjewol-sizzen. Hja hoechde mar yts foar my te dwaan en it tettere alwer út myn strôtsje. By elk bakje tee, koekje, snoepke of gelegenheid moast ik myn tankberheid útsprekke. Dat is de reden dat ik noait sa'n lyts pûdsje sjips krige. Wierskynlik hie ik de gastfrou of -hear foar elk stikje apart betanke.
Hoe oars waard it mei my doe't ik kompliminten krige. Dan is it ynienen lestich om te betankjen. Alteast dat fûn ik. Doe't ik yn Kabaret (2005) spile, kaam der op in jûn in frou nei my ta dy't sei dat se sa fan my genoaten hie. Ik antwurde - earlik mar ûnhandich - dat it oars better gie. Doe't de frou ôfsette, sei in kollega-spiler dat je soks noait dwaan moatte. In bakker seit ommers ek net dat de bôle fan juster lekkerder wie as dy dy't er dy krekt foarset. 'Moatst se gewoan betankje foar it komplimint'. En sjoch, dat koe ik wol.
Fandêr: Betanke minsken foar dit prachtige jier. Betanke publyk foar de de fantastyske reaksjes en hast lyryske kompliminten op ús website. Betanke Jan foar de ynspirearjende dagen dat wy dwaande west hawwe om it skript fan humor, leafde en minslikheid te foarsjen. Betanke Ekko foar de dagen en nachten dat wy dwaande west hawwe om de ideeën te foarmjen en it stik te ferbetterjen. Betanke Immie (en Enno) foar de hiele rits saken dy'st altyd dochst. Betanke bouploech foar it machtige dekôr. Betanke Dianne (en team) foar de sa passende klean, de froulju fan de smink foar it kleurke en de oare geastlike bystân, Grietsje foar alles wat se byinoar socht en waske hat, Marja foar har kulinêre (en literêre) heechstântsjes. Betanke geweldige technyk, parkearploech en alle oare frijwilligers. En net te ferjitten it bestjoer en de spilers. Wat hawwe wy in moai jier hân! Wat hawwe wy hurd wurke, mar wat wie it tankber! Tige by tige allegeare. En graach dien.