Op de parsekonferinsje is hjoed ús nije spullieder Tjerk Kooistra oan de bûtenwrâld presintearre. Út it parseberjocht: Tjerk Kooistra is in bekend gesicht yn it Iepenloftspul fan Jorwert, want hy hat al in tal jierren meispile. Hy hat dan ek in echt 'Jorwert-hert'. Kooistra: 'Ik bin al jierren dwaande mei rezjy, ûnder oare yn Weidum. Mar regisseur fan Jorwert is foar my natuerlik hielendal bysûnder. De sfear dêr ha 'k al jierren meimakke en dy is sa spesjaal. En dat ik no as regisseur mei dy groep spilers en meiwurkers wurkje mei, fyn ik prachtich.' It bestjoer fan it Iepenloftspul is bliid dat Kooistra 'ja' sein hat op harren fersyk regisseur te wurden. Foarsitter Jan van der Weij: 'Hy is net allinnich de opfolger fan Romke Toering, mar boppe-al de nije regisseur, mei eigen ideeën en in eigen oanpak. Hy is bot entûsjast en hy doart it oan. Wy binne der fan oertsjûge dat Tjerk it yn him hat. Oars hienen we him ek net frege!'