Trailer 1 2012
Snein 8 july
De earste trailer dy't in blik jout yn 'e wrâld fan De Goede, de Minne en de Lillike is der! It filmke is hjir te sjen.
Yn Jorwert is it dit jier tiid foar stoere manlju mei lytse hertsjes en froulju mei ballen, koartsein: tiid foar in western mei in rântsje wêryn't werklikheid en fantasij mekoar efter en foar de kûlissen treffe...
De Goede, de Minne en de Lillike in komysk stik oer de leafde, ferjilding, ear en habsucht. It stik ferhaalt oer it eigen iepenloftspul dat in western spilet. We sjogge de spilers yn de repetysje, de try-out en yn de foarstelling. En dan docht bliken dat de rollen foar de skermen wol hiel ticht by de akteurs komme dy't de karakters spylje...
De Goede, de Minne en de Lillike fjochtsje yn de western om de hân fan priveespeurder Maria. Dizze striid giet lykwols efter de skermen troch en soarget foar de nedige hilaryske en miskien ek wol pynlike situaasje. Want: is dy kûgel yn it pistoal no echt of net? Ha we hjir te krijen mei in crime passionel yn it stik of dochs ek efter de skermen?
De Goede, de Minne en de Lillike is basearre op Noises Off, dat earder troch Tryater brocht waard as Wat in Teater.
De Goede, de Minne en de Lillike is fan 1 oant en mei 22 septimber yn in folslein eigen bewurking te sjen yn de notaristún fan Jorwert.
|