Túnpreek Jorwert: Advokaat fan ’e Duvel

Tongersdei 15 septimber

Túnpreek Jorwert: Advokaat fan ’e Duvel

Op snein 18 septimber organisearret de tsjerklike gemeente Westerwert tegearre mei pioniersplak Nijkleaster de saneamde Túnpreek. Dy wurdt hâlden yn it dekôr fan it Iepenloft Spul Jorwert yn de notaristún efter it kafee. Dit jier hat it Iepenloftspul de titel ‘Londen 68’. Yn de Túnpreek wurdt yngien op de tematyk fan it toanielstik, nammentlik de (ûn)gelikens fan manlju en froulju. Yn it toanielstik binne der hieltyd stimmen en tsjin-stimmen. Op grûn fan in kontroversjele tekst út de Bibel oer manlju en froulju bart dat yn de túnpreek ek. De Advokaat fan ’e Duvel sil der alles oan dwaan om de gelikens fan froulju te bestriden…

De muzyk wurdt fersoarge troch Wiebe Kaspers en syn band.

Dizze tsjinst is tagonklik en beweechlik. De bern meie foarôf de Jorwerter klok liede (09.45 by tsjerke)

Wannear:         Snein 18 septimber
Plak:                Notaristún Jorwert
Tiid:                 10.00 oere
Foargonger:      ds. Hinne Wagenaar
Muzyk :            Wiebe Kaspers en band

Fansels is der nei de tiid kofje en ek limonade foar de bern. Eltsenien is fan herte wolkom. De fiertaal is Frysk.

 

 

Besjoch hjir de foto's fan de túnpreek, makke troch Guus van de Sande.

© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert