Ik soe it yn it boekje opsykje moatte, ik ha der gjin erch yn hân.' Sa gong it alle besikers dy't 'Alles út' justerjûn foar it earst seagen. Ynsiders misse Sjoerd, mar se ha der in oare Eddy, mei in hiel eigen styl, foar weromkrigen. En it wie in lust om te sjen, hoe'n slinger ek Oane Swart yn syn Eddy wist te lizzen. Nee gjin ien hat yn de rekken hân, dat er him dat yn 36 oeren eigen makke hie! Tagelyk is it ek de krêft fan dizze spilersploech om sa'n domper mei-inoar opfange te kinnen. In nije polysje, in nije kastlein, in uterlik nije riememan, in nije koreografy! It stiet as in hûs, oan de ein ta. Ien fan de gasten: 'Dy slotdûns dan ferrifelje se ús noch even: Je tinke dat it in soarte amateur-sjo wurde sil, mei fiif komyske, mar dochs wat ûnwennige keardels, en dan stiet dêr sa'n linige en strakke strip-act.' No sa. 'It wurdt in hiele toer om werom nei myn luie stoel. Nei dit,' seit Jeannette oan de ein. Ik tink dat it foar in hiele protte spilers fan Jorwert ek jildt. Ien fan harren hat de luie stoel dan ek radikaal de doar út dien. Anja Steegstra (Mandy) iepenet hjoed har eigen saak yn Grou. Anja, sukses!