Wa wurdt de Jorwerter Lena?

Tiisdei 4 maart

Iepenloftspul siket jonge frou foar de rol fan Lena It Iepenloftspul Jorwert spilet dit jier in bewurking fan As it is in Heaven, de tige suksesfolle film. Foar de rol fan Lena, it winkelfamke dat sa moai sjonge kin, siket it Iepenloftspul noch in goeie kandidaat. Dus kinst goed sjonge en akteare en hast der nocht oan om dizze maityd, simmer en in part fan de hjerst ûnderdiel út te meitsjen fan de Jorwerter ploech, lit dit dan no witte! We sykje dy, in famke fan tusken de 18 en 25 jier, dat net ûnfertsjinstlik sjonge en goed akteare kin. En dat boppedat ree is om in soad tiid te stekken yn repetysjes, oefenjen en úteinlik it spyljen. Tinksto datst de Jorwerter Lena bist? Stjoer dan foar 6 maart in goeie motivaasje en dyn cv/portfolio nei regisseur Tjerk Kooistra fia tjerk@iepenloftspuljorwert.nl. De audysjes wurde hâlden op snein 9 maart.

© Copyright 2024 - Iepenloftspul Jorwert