De bouploech hat de tún foar ús klearmakke. Der kin bûten repetearre wurde! Binnendoar wienen der al in protte doarren, mar bûtendoar komt de logistyk dy't dit stik mei him meibringt pas echt om 'e hoeke sjen. It liket wol in goreografy. Want: Iepenloftspul Jorwert spilet dat se as Iepenloftspul Jorwert in komyske western spilet. Foar én achter de skermen komme dus letterlik en figuerlik yn byld...En dat betsjut: schmiere om it leven, trep op- en trep ôf rammelje, gau je rekwisiten byinoar swylje (of hat ien se ferstoppe?), ferklaaie, noch gau even ien de gek oanstekke, doar yn, doar út, op it toaniel (en dus te sjen) en achter de koelissen (gewoanwei dus net te sjen, mar no wol...), wer ferklaaie, inoar rap wat feninichs tabite yn it opgean en it gesicht wer gau yn 'e ploai lûke as je dan dy grins fan achter nei foar de skermen oerstappe... En dat mei in protte revolvers, goud, huodden, doazen... en in tsjinblêd.