Soms ha je eefkes sa'n opkikkerke nedich, seit Horse as Jeannette syn gepiker oer de goede maten aardich relativearre hat. De foarstelling fan justerjûn wie ek in opkikkerke, wat sis ik, in opkikker fan Jorwert oant Moskou dy't in kick joech dêr't gjin prozac tsjinop kin. Foar it earst spylje foar in echt publyk, foar in skerp publyk, dan kriget it stik ynienen in hiel oare dynamyk. De tribune siet noch lang net fol, mar no al gong it dak der bytiden ôf, (as wy in dak hân hiene). En dus spile it licht! "Wy fielden ús altiten wat oplitten by de optutterij yn de wc's," sei Nynke Stap, "mar no wiene wy gewoan in stel joelende froulju en hiene wy echt de measte wille!" Ien fan de besikers fertelde: "Was je nog om de ene grap aan het lachen dan miste je de volgende. Je moet er eigenlijk twee keer heen!" Even in reinige snein om by te kommen fan de bêst wol heftige repetysjewike en dan op nei de premiêre op freed. Sjoerd van Beem wie noch wat behindere yn syn bewegings, fertelde de regisseur fan tefoaren, mar wat gebeurt der dan wol net as hy folút giet! Komt dat zien, komt dat zien!