De earste tekst dêr't er yn oerlevere is, datearret fan 1987 yn in boekje oer de street-language fan Coronation Street. The full monty soe dus noch pypjong wêze, mar út mûnlinge oerlevering blykt dat it dochs yn it Ingelân fan de fyftiger jierren al bekend is. De ôfkomst is der dêrmei net helderder op wurden, elk betinkt syn eigen ferhaaltsje. In pear foarbylden: It soe in ferbastering wêze fan the full amount (de folsleine hoeveelheid). It ferwiist nei de grutte balen wol dy't út Montevideo ymportearre waarden. It is yn de wrâld kommen út in tv-reklame foar Del Monte-fruitsop wei, ien fan de figueren wol allinne mar 'the full Del Monte'! It kin ek mei it kasino van Monte Carlo te meitsjen ha: the full monty soe betsjutte dat de bank springt. Wierskynliker is de link mei it kaartspul: Der is in âlde Amerikaanske fariant, dy't Monte hyt. The full monty soe dan betsjutte dat je de hiele pot winne. Ek yn Australië wurdt monty brûkt ûnder gokkers, mar dan by de hynders: it is in gouden tip. Mar hoe is dat stikje slang yn it âlde Ingelân bedarre? De dize is noch net oplutsen! Noch eefkes de aktualiteit: Wie Sjoerd van Beem hastich by de fysio wei nei de tún sketten moandeitejûn, moast de repetysje al nei in lyts kertier ôfbrutsen wurde: It wie de reinichste moandei fan de ôfrûne 53 jier! Genôch oer it wetter, de tún is moai ôfsiigd en jûn is de folgjende try-out, dit kear foar in hiele ploech wurkers yn de soarch.