Yn Londen '68 kinne alle spilers alle rollen oannimme: man of frou, jong of âld, baas of wurknimmer, progressyf of konservatyf. De basis fan dizze kar fan regisseurs Tjerk Kooistra en Ekko de Bakker leit yn it idee dat elkenien eltse rol pakke kin en sa de wrâld feroarje kin, ast mar op it goeie momint op it goeie plak bist en dy oppenearrest. Dêrneist is it nijsgjirrich foar de spilers om mear as ien rol te spyljen en foar it publyk ferrassend om te sjen hoe fluch spilers skeakelje kinne.
Rita, naaister op it Fordfabryk, foaroanfrou staking, mem en echtgenoate wurdt spile troch Adriana van der Ploeg-von Bannisseth en Doete Stenekes. |
|
Thijs Meester spilet Eileen (naaister), Hopkins (direkteur Ford Ingelân), master Clarke (master), Mike Johnson (amtner) en David Master (sjoernalist). |
Oane Swart spilet Michelle (frou fan Albert), Albert (man fan Michelle), Bobridge (haadplysje), Ricky (grienteman) en fotograaf. |
Lodewijk Riedhorst spilet Isolde (in net al te snoade frou), George (man fan Connie), Graham (soan fan Eddy en Rita), Roderick (fakbûnsman) en Graham Wilson (premier fan Ingelân yn '68). |
Sjoerd van Beem spilet Eddy (man fan Rita), Monty (fakbûnsmn), Sandra (naaister) en Marc (arbeider). |
Sjoukje Jager spilet Monica (naaister), Hank (fakbûnsman), Barbara Castle (minister fan û.o. arbeid), Lisa (frou fan Hopkins). |
Wytske Vermeulen spilet Eva (direksjesekretaresse), Brenda (wylde frou), Sharon (dochter fan Eddy en Rita), Michael (fakbûnsman), Mick Johnson (amtner fan minister Castle). |
Skelte Anema spilet Eddy (man fan Rita), Margaret (naaister) en Tooley (direkteur Ford Amearika). |
Betteke Eerligh spilet Connie, foaroanfrou oan it begjin, frou fan traumatisearre George. |
Yme Kramer spilet Paul, Peer de Bakker spilet George, Janne Holwerda spilet John, Bente ten Broek spilet Ringo, arbeiders. |