Yn Londen '68 hâldt haadpersoan Rita de man/frouferhâldingen tsjin it ljocht. En as wy nei ús eigen organisaasje sjogge, binne de rollen bêst tradisjoneel. Foarsitter Harry Kaspers: 'Wat soe it aardich wêze as wy hjir yn Jorwert dat patroan wat trochbrekke.' Dus: we sykje mannen foar de kostúmploech en froulju foar de bouploech. Mannen, nim kontakt op mei kostúmûntwerpster Dianne Bonnema (info@atelierbonnema.nl), froulju, meld jim by haad fan de bouploech Wytze Blanke, 058-2519460 (en wa't leaver wat yn de fêste patroanen bliuwt, gjin probleem, ek wolkom!). Wolst meidraaie yn in oare funksje, nim dan kontakt op mei produksjelieder Jildou Tjoelker, info@iepenloftspuljorwert.nl.
(foto's: Piet Douma)