It is ein maaie en wy binne al wer tige drok mei alle tariedingen foar de nije foarstelling. It is dus de heechste tiid om jo mei te dielen hokker foarstelling wy dit jier op ’e planken bringe sille.
SWYN!
‘De begraffenis fan in poerbêste fint’
Wat bliuwt der oer as immen stjert?
Yn SWYN! binne wy te gast op de begraffenis fan Stef Zwijnenberg - yn it doarp better bekend as ‘Swyn’. In man dy’t der altyd wie, foar elkenien. Mar in útfeart is ek in ferhaal. En ferhalen wurde ferteld… en soms moaier makke as se wiene.
Yn dit tragikomyske iepenloftspul nimme famylje, freonen en ûnferwachte gasten it wurd. Oantinkens botse, wierheden komme op losse skroeven te stean, en wat begjint as in waarm ôfskied, einiget yn in hystearyske klimaks.
Mei humor, drama, muzyk en skerpe dialogen ûndersiket SWYN! hoe’t wy omgean mei ferlies, mei wierheid en mei elkoar.
Slute wy de kiste… of iepenje wy it ferhaal?
De kaartferkeap foar SWYN! is fanôf no iepen. Klik hjir foar it bestellen fan jo kaarten.