Ynterview mei Clara Rullmann, pianodosint, komponist, en poadium-minske Yn it iepenloftspul fan dit jier hat Clara Rullmann trije hiel ferskillende funksjes: it komponearen fan de muzyk û.o. de ferskes foar de musical oer Nelson, it ynstudearjen fan de lieten mei de spilers, en se spilet in lyts roltsje as Julie, de frou fan Cliff. Heech tiid dus om ris eefkes mei har te praten. Clara Rullmann studearre yn 1986 ôf as dosint piano oan it konservatoarium fan Ljouwert, yn 1991 krige se in baan as dosint oan it Centrum voor de Kunsten fan 't Hearrenfean. It lesjaan hat altyd in wichtich plak ynnommen yn har karriêre. Sa hat se no sels, yn de mande mei twa oaren, in piano-metoade skreaun, dy't by muzykútjouwerij De Haske sawol yn it Nederlânsk as yn it Dútsk ferskynt. "Dan moatte je didaktysk tinke: hoe kin ik it de learlingen goed dúdlik meitsje, wat de bedoeling is. Dit leit hiel ticht by myn stúdzje." Mar njonken it lesjaan lûke de oare fasetten fan it muzykbedriuw hieltyd sterker: komponeare en op it poadium stean. Yn Jorwert hat Clara Rullmann al fan 1991 ôf har bydragen oan de muzyk levere. Yn dat jier spilen wy De bochel fan de Notre Dame fan Harry Geelen. Oare hichtepunten mei har wiene Anatevka, Oliver!, in Sinterske Opera en Kabaret. Soms komt de ûnderfining fan Jorwert har te pas: Doe't yn 2000 de Van der Ende musical Oliver! troch it lân reizge, moast Clara audysje dwaan by de dirigint om de funksje fan muzikaal lieder fan de jeugd te krijen. Doe hat se de lieten yn it Frysk foarspile, omdat dy der noch sa yn sieten en it Nederlânsk op de partituer hast net te lêzen wie. It makke blykber yndruk, want se krige de baan en studearre de lieten yn mei de Fryske cast. Ek mei Alleen op de wereld hat se op toernee west. Fassinearjend, mar 100 kear deselde foarstelling spylje begjint fansels wol op wurk te lykjen! Dan is komponearjen in moaiere útdaging. Foar Dûbele Nelson moast de musical op 'en nij komponearre wurde. Der wiene mar wat fragminten beskikber yn de film, mar dêr is Clara Rullmann wol fan út gien. Allinne is se folslein har eigen paad gien, wêrtroch't it dochs nije lieten wurden binne. In cd-tsje foar de spilers om te repetearen heart der suver al standert by. Har partner, Peter van der Zwaag, hat de arranzjeminten makke, en ek de oare muzyk foar de foarstelling is meast fan syn hân. Sa wurkje se optimaal gear yn it skeppend proses. Dy gearwurking giet troch op it poadium. By Kabaret sieten beide yn it nachtkluporkest op it poadium, mar je kinne se ek tegearre oantreffe foar de doar fan de tsjerke fan Ingelum by in kulturele fytstocht, om mar wat te neamen. Peter reizget noch mear as Clara; sa hat er yn 1995-'97 en '98 as orkestlieder foar Robert Long syn sjo troch it hiele lân optreden en is er no drok mei it ynstudearjen fan de nije sjo fan Jenny Arean, dy't yn novimber út ein set. Oerdei komt dêr út en troch noch de toernee fan Willeke Alberti by, dy't fersoargingshuzen ôfreizget om de bewenners te fermeitsjen. Foar Dûbele Nelson hawwe se tegearre in hiele rige muzyk makke, dy't brûkt wurdt om de oergongen aksint te jaan, of krekt om bepaalde sênes te ûndersteunen. Ien foarbyld is de dea fan Cliff: as er opbiere leit, sit dêr muzyk ûnder, om de emoasjes muzikaal te fersterkjen. Clara sels: "De begraffenismuzyk fan Cliff hawwe we echt mei ús twaen ynspile, jûns hiel let, yn ien "take". Gewoan "record" yndrukke en mar gean. Dat wie in prachtich momint by ús thús dêr't ik yn 'e tún alle kearen noch fan neigenietsje..." Soms lykwols kin stilte ek sprekkend wêze, dat kin faak pas by it yninoar setten fan de foarstelling bepaald wurde. En doe wie der foar de fakânsje noch ien roltsje net beset: Julie, de frou fan Cliff moat ien kear op besite komme yn de finzenis mei harren dochterke Lizzy. No dus net as muzikaal lieder foar of yn in orkestje, mar mei de dochter oan de hân op besite by de man, dy't se al ôfskreaun hat. It is hiel wat oars, mar dochs giet it ek by toanielspyljen om it ritme en it oerbringen fan emoasje. De konsintraasje is eins itselde. "Ik fyn it wol hiel nijsgjirrich om te dwaan! En as der nochris in rol(tsje) is, bin ik beskikber." It is krekt dy ôfwikseling fan aktiviteiten dy't harren wurk sa nijsgjirrich makket: muzyk komponeare (Peter) foar de skoalleradio sa as it ferske dat Marieke Swart song yn de tún by de start fan it nije skoalleradioseizoen ôfrûne moandei, of 20 ferskes (Clara) foar it oratoarium Noömi, dat yn 2006 yn Zeewolde brocht waard; meispylje by Tom Parker, dy't sûnt 2005 alle jierren in krysttoer makket by de grutte teaters lâns, of in cd-tsje meitsje foar Kids4Azië; it komt allegearre foarby.