Wy komme yn de kunde mei regisseur Meile dy’t mei syn spilersgroep in eigenskreaune western yn de iepenloft bringe wol. Hy docht syn bêst, mar hy hat mear each foar de froulike spylsters. Ek tusken de spilers bûteret it net echt en boppedat rammelet de western ynhâldlik en dramaturgysk oan alle kanten.
Stik yn it stik (de western)
Regisseur Meile hat him by it skriuwen fan de western ‘De Goede, de Minne en de Lillike’ ynspirearje litten troch de klassike cowboyfilms en alles opboud om de tema’s: ear, habsucht en ferjilding hinne. Dêrnjonken hat er besocht humor deryn te skriuwen. Dat lêste wringt mei de klassike tema’s dy’t har net goed liene foar de laits. Ek de ein fan de western is sa absurd, dat it al it foargeande wer delhellet.
Efter de skermen
De Goede, de Minne en de Lillike; in komysk stik oer de leafde, ferjilding, ear en habsucht. We sjogge de spilers yn de repetysje, de try-out en yn de foarstelling. En dan docht bliken dat de rollen foar de skermen wol hiel ticht by de akteurs komme dy't de karakters spylje...
Cowboys de Goede, de Minne en de Lillike fjochtsje yn de western om de hân fan priveespeurder Maria. Dizze striid giet lykwols efter de skermen troch en soarget foar de nedige hilaryske en miskien ek wol pynlike situaasjes. Want: is dy kûgel yn it pistoal no echt of net? Ha wy hjir te krijen mei in crime passionel yn it stik of dochs ek efter de skermen?