Yn in âlde sloperij hawwe de eigener en syn fjouwer personielsleden it net botte drok. Se kaarte, sûpe bier en ouwehoere. Eigener Gerard fynt it lestich om ûnder eagen te sjen dat it minder giet mei de saak en stoppet dêrom faktueren en oanmoanningen fuort yn in doaze. Net allinne mei de saak giet it net goed, ek Gerard syn sûnens wurdt mei de dei minder.
It liket derop dat it fallissemint tekene wurde kin as der net gau in heale ton op tafel komt. Dan krijt wurknimmer en Poal Jaromir in gouden idee: Oait wie hy maratondraver en fertsjinne er in bak jild oan sponsoring. Dat is de oplossing. Gewoan de maraton útrinne en har sponsorje litte foar dy prestaasje. Gewoan...
Maraton is in stik oer draven en freonskip. In tragikomeedzje mei de klam op humor. Oprinne en elkoar noait stean litte..
Hjirûnder fine jo in oersjoch fan de meiwurkers fan it Iepenloftspul Jorwert.
Besjoch meiwurkers