Yn 1955 kaam it net safier dat der wer in stik opfierd waard yn de notaristún. De spilers moasten útwike nei Mantgum en dêr waard op 5 maaie in nij histoarjestik brocht, 'Seerp fan Galama'. It stik wie yn opdracht fan de Kulturele Ried troch Roel Oostra skreaun en tsjinne om de tsiende befrijingsdei te betinken. Dy't no dwers wol en sis dat dit jier yn Jorwert dus noch mar foar de njoggenenfjirtichste kear in stik spile wurdt, moat eefkes wiisd wurde op it jier 1958. Doe binne der nammentlik op ien jûn twa stikken útfierd, 'De seinekeapman' fan Ype Poortinga en Barend van der Veen en 'De útdrager' fan Douwe Kiestra. En dêrmei binne de fyftich stikken dan dochs helle.
Jier
1955
Meiwurkers
Hjirûnder fine jo in oersjoch fan de meiwurkers fan it Iepenloftspul Jorwert.
Besjoch meiwurkers
Swaantsje Hellinga-Bergsma