Nei de Flaamske 'Tijl' fan Charles de Coster, bewurke foar toaniel troch Jan Naaykens en oerset en nochris bewurke troch Tabe Beintema. Hy hat der tweintich lietsjes ynskreaun, neffens ideeën fan regisseur Romke Toering en komponist Jaap Oosterwijk. Mei fiten en streken komt Ulespegel foar de rjochten fan it folk op. Soms allinnich, soms mei Nele, in soarte fan spionne en ek wol mei de swalkers Lamme en Piter ferset er him tsjin it rezjym fan it froedskip. Tijl is in oproerkraaier en soarget foar opskuor en ûnstjoerens. Mar by eintsjebeslút hat it folk dochs mar it leafste rêst en nimt it jok fan de ûnderdrukking op 'e keap ta.
Hjirûnder fine jo in oersjoch fan de meiwurkers fan it Iepenloftspul Jorwert.
Besjoch meiwurkers