Nei in roman fan Nikos Kazantzákis. 'Zorba' giet oer twa manlju, de net al te diedkrêftige yntellektueel Nikos en de libbensgenieter Zorba, dy't nei Kreta ôfreizgje om in âlde brúnkoalmyn nij libben yn te blazen. De tsjinstelling tusken de beide manlju is grut. Nikos doart in frou amper oan te sprekken, mar stadichoan leart er fan Zorba om 'ja' tsjin it libben te sizzen en feroveret er de moaie widdo dêr'’t alle manlju fan it doarp fereale op binne. Zorba leit it oan mei in Frânske pensjonhâldster. Beide relaasjes liede ta in dramatyske ûntjouwing, dêr't de kultuer fan de Kretenzer mienskip net swak yn byspilet.
Hjirûnder fine jo in oersjoch fan de meiwurkers fan it Iepenloftspul Jorwert.
Besjoch meiwurkers