Bohemia is in tragikomeedzje oer de leafde foar de keunst en foar elkoar. It stik is ynspirearre op de ferneamde opera La Bohème en is troch regisseur Tjerk Kooistra en Jan Schotanus bewurke ta in eigen stik, passend by Jorwert en de Jorwerter tún. Yn Bohemia folg je we de striid fan Roelof, mar ek dy fan û.o. in dûnseres, in skriuwer en in sjongeres. Nettsjinsteande de ellinde en earmoed is it libben yn it kamp lykwols no en dan in feest gelyk. De keunstners ynspirearje elkoar kontinu en dat soarget foar bysûndere mominten.
Roelof is in stjer, sjonger fan in rockband, dy’t it goed docht en folle sealen lûkt. Mar de glitter en glamour, de gillende fans binne net langer dat wat Roelof ambiearret. Hy wol de muzyk fan syn hert, syn eigen moaie ferskes meitsje: lústerferskes mei lytse emoasjes yn stee fan de flammen en it fjoerwurk fan syn hjoeddeistige band. Yn syn striid fynt er syn kollega-keunstners dy’t, ferstjitten fan de maatskippij, besykje de holle boppe wetter te hâlden. Sy wurkje bûten de bewenne wrâld, yn har eigen keunstnersenklave Bohemia. Yn al har wrakselings komme de kwaliteiten fan de ferskillende yndividuen mear en mear boppe wetter. Talint is as in diamant dy’t lang yn it tsjuster ferburgen bliuwe kin, mar úteinlik altyd troch immen ûntdutsen wurde sil.Bohemia is teater dêr’t muzyk in wichtige rol yn spilet. Net yn in musicalsetting, mar mei in flinke liveband dy’t foar de nedige show soarget én de yntime mominten kleur jout. Bohemiais in stik foar jong en âld, foar keunstners, foar keunstleafhawwers, foar leafhawwers fan it iepenloftspul, mar benammen foar elkenien dy’t in swak hat foar moai toaniel. Bohemia is in keunstwurkje... Bohemia is in tragikomeedzje oer de leafde foar de keunst en foar elkoar. It stik is ynspirearre op de ferneamde opera La Bohème en is troch regisseur Tjerk Kooistra en Jan Schotanus bewurke ta in eigen stik, passend by Jorwert en de Jorwerter tún. Yn Bohemia folg je we de striid fan Roelof, mar ek dy fan û.o. in dûnseres, in skriuwer en in sjongeres. Nettsjinsteande de ellinde en earmoed is it libben yn it kamp lykwols no en dan in feest gelyk. De keunstners ynspirearje elkoar kontinu en dat soarget foar bysûndere mominten.
Hjirûnder fine jo in oersjoch fan de meiwurkers fan it Iepenloftspul Jorwert.
Besjoch meiwurkers