Oarspronklike filmtitel: 'Shakespeare in love'. Ein 16e ieu. Viola de Winter, in rike keapmansdochter, wol graach toanielspylje yn in tiid dat dat foar froulju ferbean is. Se docht, ferklaaid as jonge, audysje by William Shakespeare. Se wurde fereale op elkoar. In ûnmooglike leafde want hy is troud en sy is oan Lord Wessex fersein. Viola ynspirearret Shakespeare ta it skriuwen fan Romeo en Julia. In stik yn in stik, dêr't keninginne Elisabeth in beslissende rol yn spilet.
Hjirûnder fine jo in oersjoch fan de meiwurkers fan it Iepenloftspul Jorwert.
Besjoch meiwurkers